Omnium fan 6 augustus 2012

It is heechsimmer, dochs sjogge wy al nei de ein fan it jier. It Posthuistheater op It Hearrenfean komt wer mei in eigen produksje en dêr binne se no al mei dwaande.

It swietblêdpûltsje, it giele skieppeklokje, de stikelige groubealch...We hearre hoe't nije planten yn Fryslân oan har namme komme.

Yn Londen belje we mei Victor Plomp dy't by de Olympyske Spelen in pear ekstra eagen foar de regisseur fan de NOS is.

Fansels aktuele saken yn de rubryk De Hite Hij en bysûndere saken yn de rubryk Nijsgjirrich .

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)