Omnium fan 5 septimber 2012

It is safier, dizze wike hat HEBECA syn premjêre. It grutste lokaasjeteaterstik fan Fryslân. In maatskippijkritysk stik mei ûnder oare de akteurs Hilly Harms en Peter Tuinman. Grutte man achter it spektakel is regisseur Dirk Bruinsma en hy is te gast by Omnium.

Mei Meindert Fennema, politikolooch oan de Universiteit fan Amsterdam, ha we it oer it fenomeen dat der in enorm soad politike partijen oan de ferkiezings meidogge

en yn ús rige politike jongeren hjoed Yuri van Hoef, foarsitter fan de Jonge Demokraten yn Fryslân

Presintaasje: Roelof Lousma

Ferkiezings 2012: de jeugd de takomst!

ferkiezings. We stimme foar in goeie takomst en sa at se it sa moai sizze ... de jongerein ha de takomst. Derom yn Omnium omtinken foar de jongerein yn de polityk. Hjoed mei Yuri van Hoef, foarsitter fan de Jong Democraten yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)