Omnium fan 5 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

Omnium komt hjoed fan de freedsmerk yn Ljouwert ôf. Sa't je witte hifket Omnium alle freeds de mienings fan keaplju en besikers op de freedsmerk. Hjoed is de merk nei jierren werom op it âlde plak: it Saailân. Reden foar ús om de hiele útstjoering dêr wei te dwaan. Merkmaster Emiel de Vlas skowt oan om de 'nije' merk foar ús del te setten. Der is it ien en oar feroare, bygelyks it oprjochtsjen fan de stifting Marktbeheer. We diskuseare oer de stelling "Op 'e merk is myn euro noch altyd in daalder wurdich". En fansels strune we oer de merk, hearre we de keaplju oer de fernijde merk en fansels de besikers!

Omnium, freed 5 oktober, tusken 11 en 12 streekrjocht fan de freedsmerk yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)