Omnium fan 5 novimber 2012

Op de earste moandei fan de moanne sjogge we om it hoekje by de muzykredaksje fan Omrop Fryslân. Watfoar nije plaatsjes binne der útkommen en hokker sille we de kommende wiken regelmjittich hearre by de Omrop.

Wa't op skoalle al yn oanrekking komt mei in ferskaat oan kultueren hat dêr letter in soad profyt fan. Op it ROC Friesland College ha se "De Wike fan de kultuerferskillen". http://www.frieslandcollege.nl/nieuws/week-van-de-cultuurverschillen-met...

We dûke yn de wrâld fan Othello, sis mar it Japanske damjen. http://www.worldothellofederation.com/woc2012

en we ha wer kontakt mei Piet Boelens, hy is yn New York want hy soe de maraton juster rinne. Benijd hoe't dat west hat.

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)