Omnium fan 5 july

  • Spiler wurdt laden

Yn de Reade Tried: hoe fier moat de Europeeske solidariteit gean? No't premier Mark Rutte derfoar pleitet om wurkleaze jongeren út Súd-Europeeske lannen nei Nederlân te heljen, komme de reaksjes los. Want yn ús eigen lân sit ek 10 prosint fan de jongeren sûnder wurk...

De Fryske tsjerken binne it mear as wurdich om fan binnen te sjen, mar lang net elkenien nimt dy muoite. En dat moat oars, fynt de stifting Tsjerkepaad. Yn har jubileumjier organisearret de stifting dan ek wer tal fan aktiviteiten om de Fryske tsjerken foar it fuotljocht te bringen.

En tsjin tolven: wat is it geheim fan in goede earmwrakseler?

Jo hearre it yn Omnium, om 11 oere. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)