Omnium fan 4 septimber

Bûter, molke, tsiis, we ite it (hast) alle dagen, mar it komt net mear fan de boer út de omkriten. Hoe't dat kin wolle Freya Zandstra en Dorine van den Beukel ûndersykje yn harren projekt "En griene tsiis".

We sjogge foarút op de ferkiezings mei in lid fan Dwars, de jongere-ôfdieling fan GrienLinks.

En sûnt dit wykein meie we op de sneldyk 130 km yn de oere ride. Dat sjit lekker op! Of net? Homme Bymold fan Veilig Verkeer Nederland reageart.

Ferkiezings 2012: de jeugd, de takomst!

Moarn oer in wike is it safier. We kinne wer nei de stimbussen. We stimme foar in goeie takomst en sa at se it sa moai sizze ... de jongerein ha de takomst. Derom yn Omnium omtinken foar de jongerein yn de polityk.
Hjoed mei Sietske van der Spoel, foarsitter fan Dwars ôfdieling Fryslân.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)