Omnium fan 4 jannewaris

Peter van Dijk is freed de ien-op-ien gast yn Omnium. Hy waard berne yn 1960 yn Drachten, groeide op yn Surhústerfean en is no skriuwer. Dit jier kaam syn boek 'Het domein van de jeugd' út. Dit makket ûnderdiel út fan in romansyklus dy't Van Dijk meitsje wol. Yn it boek beskriuwt hy de jonge jierren fan haadpersoan Thomas Termeer yn Fryslân. It is yn feite in persoanlike histoaryske roman, it fêstlizzen fan in minsklike skiednis. Dieuwke Kroese praat mei Van Dijk oer syn jeugd yn Fryslân en syn passy foar it skriuwen en skiednis.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)