Omnium fan 4 april

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Omnium: hoe serieus binne de drigeminten fan Noard-Koreä? Moatte wy kjel wurde fan al it wapengekletter, of falt it wol ta? Jacques Monasch (Twadde Keamer, PvdA) fertelt ús mear.

'De helft is verdwenen', sa hjit de foto-eksposysje fan Han Reeder, fan 10 april ôf te sjen yn it Frysk Lânboumuseum. Wat er krekt op 'e foto set hat? Jo hearre it yn Omnium.

En: it falt net ta om genôch kandidaten te finen foar de gemeenteriedsferkiezings fan 2014. Hoe sit it mei jo politike ambysjes? We prate deroer yn de Reade Tried. Yn de studio is Sytze Dijkstra te gast. Hy is riedsgriffier by de gemeente Tytsjerksteradiel en fertelt wat der allegear oan te pas komt by in sit yn de gemeenteried.

Dat, en mear yn Omnium. Harkje dus, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)