Omnium fan 31 jannewaris

  • Spiler wurdt laden

Hjoed binne wy op de poëtyske toer yn Omnium! It is gedichtedei, en dêrom freegje wy jo in moai gedicht te skriuwen oer it tema 'muzyk'. En we ha in spesjale gast, akkordeonist en sjonger Herman Peenstra. Hy komponearde muzyk by de gedichten fan Edgar Allan Poe.

Fierder is yn Paleis 't Loo it wurk fan in Fries om utens te bewûnderjen. Keunstner Klaas Lageweg makke in skilderij fan keninginne Beatrix en mei dat no, mei 74 oare keunstwurken, eksposearje. Juster wie de iepening fan de útstalling.

En yn de Rige: in Fryske abt dy't it oan de stok kriget mei de biskop fan Münster.

Dat en mear yn Omnium. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)