Omnium fan 30 oktober 2012

Yn Omnium tiisdei de folgjende ûnderwerpen... New York is yn de greep fan orkaan Sandy. We belje mei in Fries dy't wennet yn New York om te hearren wat de skea is en hoe't de aktuele sitewaasje is.

Hat Fryslân syn langste tiid hân? Yn it regearakkoart dat VVD en PvdA sletten ha, stiet dat we tagean op seis super provinsjes yn Nederlân. Fryslân soe opgean moatte yn in noardlik lânsdiel, mei Drinte en Grinslân. De Ried fan de Fryske Beweging is hjir poer op tsjin. Yn de studio in petear mei foarsitter Van der Bij. En we krije in nije resept fan pompoensop.

Dat en mear yn Omnium, tusken 11.00 en 12.00 oere. Presintaasje Roelof Lousma.

Resepten mei pompoen

It is echt hjerstwaar bûten. Tiid om de keuken yn te dûken en lekker iten te meitsjen. En wat heart der mear by de hjerst as de pompoen. We fregen eigener en kok Henk Markus fan restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean om wat pompoeneresepten mei ús te dielen.
-
-
-
-
-
-
-

It resept fan hjoed sa't wy dat fan kok Henk Markus krigen ha (yn it Nederlânsk)

Ingrediënten zoetzuur
2 dl natuurazijn
200 gram rietsuiker
2 dl water
1 eetl mosterzaad
1 eetl korianderzaad
1 tl aardappelzetmeel
2 st citroengras
½ bol gemberwortel
1 tl zout
1 flespompoen

Werkwijze: Meng alle ingrediënten voor het zoetzuur door elkaar en breng aan de kook. Laat het daarna minimaal naast het vuur een half uur trekken. Hoe langer hoe meer smaak het krijgt. Schil ondertussen de pompoen in gewenst formaat. Zeef het zoetzuur en gaar hier de pompoen in.
Tip: heerlijk in een salade met geitenkaas, walnoten en bleekselderij

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)