Omnium fan 30 jannewaris

Noch mar 22 jier, en al trije boeken op je namme. Komt de jonge skriuwster Simone van der Steeg noch wol oan studearjen ta? Yn Omnium fertelt se hjiroer, en fansels oer har spannende nije boek, 'De Laatste Chronister'.

En: de âlderein betellet de priis foar de krisis. En dat wylst dizze groep ús lân krekt opboud hat. Skandalich, fine belange-organisaasjes foar âlderen. Mar is it wier sa slim om wat by te dragen oan it oplossen fan de krisis, as je in pear sinten oer ha? We prate hjiroer yn de Reade Tried.

Fierder: by 'Bernlef' tinke wy al gau oan de studinteferiening út Grins, of de krekt ferstoarne skriuwer. Mar wa wie Bernlef no echt? Skiednisdosint Klaas Tulp fertelt it yn de Rige.

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)