Omnium fan 3 septimber 2012

It sirkus, de magyske wrâld mei shows fan akrobaten, clows en bisten lykas oaljefanten, tigers, hynders en hûntsjes. Prachtich, of net? De Partij voor de Dieren en aksjegroep 'Wilde dieren de tent uit' binne poer tsjin op bisten yn de sirkustinte. Simon Visser kin him dat net foarstelle. Hy is gek fan sirkus, sjocht 40 oant 50 foarstellings per jier en neffens him ha de bisten it hiel goed by it sirkus.

Stifting Mentorschap Friesland siket mear frijwilligers. Wy freegje ús ôf wat dat mentorskip ynhâldt.

Yn de rige ha we oant de ferkiezings alle dagen kontakt mei jongere-organisaasjes. Hjoed hearre we Frits Tromp oer de ferkiezings, jongere by de ChristenUnie.

Dat en mear tusken 11:00 en 12:00 oere yn Omnium.
Presintaasje: René Koster.

Ferkiezings 2012: de jeugd, de takomst!

Noch 9 dagen oant de ferkiezings. We stimme foar in goeie takomst en sa at se it sa moai sizze ... de jongerein ha de takomst. Derom yn Omnium omtinken foar de jongerein yn de polityk. Hjoed mei Frits Tromp, lid fan de Christenunie

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)