Omnium fan 29 maart

Der is al in soad oer sein: de JSF. Komt dy der no of net? We prate mei âld-steatssekretaris Jack de Vries oer de ûntwikkelings rûnom it fleantúch.

Yn de Rige sjogge wy foar de lêste kear efter de skermen yn de rjochtbank. Wat bart dêr binnen eins allegearre?

En: it Nostalgywykein stiet wer foar de doar! Dit wykein giet Omrop Fryslân werom yn de tiid, en it tema is 'iepenbier ferfier'. Wy freegje hjoed oan jo: wat binne jo wolris kwytrekke yn de trein of bus?

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)