Omnium fan 29 jannewaris

Hjoed yn Omnium in petear mei Bob Kukler. Hy makke in film oer it bysûndere libben fan sportfrou Jokelyn Tienstra, dy't opereard is oan in harsentumor. De dokumintêre wurdt jûn útstjoerd by Omrop Fryslân.

En, in stel út Ljouwert dat harren hûs grien makket. En nee, net mei ferve. Se sille oan it klussen om harren wenning duorsumer yn te rjochtsjen. Stjoerder RTL4 folget harren hjirby.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)