Omnium fan 28 maart

By Prins Dokkum binne se no al hast in moanne oan it staken, mar it hat oan't no ta net folle opsmiten. Dêrom is ús stelling hjoed: 'staken hat gjin doel'. Histoarikus Johan Frieswijk fertelt oer de skiednis fan it staken yn Fryslân.

Yn de Rige sjogge wy dizze wike achter de skermen yn de rjochtseal. Wat bart dêr binnen eins allegear?

En: foar in hiel soad âlderein is de drompel te heech om help te freegjen foar psychyske problemen. Paul Vijver is âldereinpsychiater en helpt minsken mei harren problemen: bygelyks iensumens, depressiviteit of eangst. No ûndersiket er fan hokker soarch sy ferlet ha.

Ik soe it wol witte, harkje nei Omnium! Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)