Omnium fan 28 juny

It is ferrekte maklik, je steane op it punt om nei hûs te gean en je krije in berjochtsje op je tillefoan dat der flitst wurdt op dyk X by hektometerpealtsje Y. Even de foet fan it gas dus. Mar foar de plysje wurdt it sa hieltyd dreger om oertreders te beboetsjen. In warskôge minske telt ommers foar twa. Hoe etysk is it, om dit soarte ynformaasje mei elkoar te dielen en sa ferkearskontrôles út de wei te gean? We prate deroer yn de Reade Tried.

Wat ha skriuwer Martin Bril, Dione de Graaff fan Studio Sport en Mattie Bruining fan Surhústerfean mei elkoar? No, se binne famylje, sa docht bliken. Mattie Bruining hat genealogysk ûndersyk as hobby, en René Koster gong by har op besite.

En tsjin tolven: it earste teaterskip fan Fryslân is in feit.

Harkje dus! Omnium is der wer om 11 oere. Mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)