Omnium fan 28 jannewaris

  • Spiler wurdt laden

Bestiet Fryslân yn de takomst út in pear megagemeenten? Yn Súdwest-Fryslân is de skaalfergrutting al in feit, en ek in soad oare gemeenten ha te krijen mei weryndielings. Woansdei moatte ynwenners fan de gemeente Ljouwerteradiel kieze: wolle se by Ljouwert, of by de 'supergemeente' Noardwest-Fryslân? Britsumer Herman Lubberts is net te sprekken oer dit referindum.

Fierder: by Fryske ikoanen tinkt elkenien al gau oan Abe Lenstra, of Piter Jelles Troelstra. Mar yn in fierder ferline wiene der ek ikoanen dy't wat minder bekend binne by it grutte publyk. Skiednisdosint Klaas Tulp fertelt deroer yn de Rige.

En: it folle pûn betelje foar in itentsje is net mear fan dizze tiid. Troch in Frysk inisjatyf kinne je no koarting krije op de rekken yn it restaurant, en tagelyk in sportklup of goed doel stypje! Dat klinkt hast te moai om wier te wêzen..

Dat en mear yn Omnium.

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)