Omnium fan 28 febrewaris

14 juny komme ús nije kening en syn frou nei Fryslân! Hokker plakken of saken yn ús provinsje meie se perfoarst net oerslaan op dy dei? Wy wolle it graach fan jo witte.

Yn de Rige ha wy it wer oer de einekoer. Hjoed: opsette en breidzje.

En, Arina Banga fan Drachten promovearret nije wike op in ûndersyk nei de taal. Har wichtichste befining? Yn 'bananetaart' sitte mear bananen as yn 'banaantaart'. Alteast, dat tinke wy.. Hoe't it krekt sit, fertelt se yn Omnium.

Harkje dus! Tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)