Omnium fan 27 juny 2013

  • Spiler wurdt laden

De ekonomyske krisis jout net allinnich problemen, mar leveret ek hiel kreative ideeën op. Sa tinkt ekonoom Ad Broere dat it folle better is om ynstee fan globalisearing, werom te gean nei lytse lokale merken mei ruilhannel, ynstee fan jild.

Literêr talint Marjolein Visser lêst fierder foar út har ferhaal 'Anneke Brak'.

En wêr moatte je wêze as je op syk binne nei in relaasje? Tsjintwurdich kin dat op ynternet, en in soad minsken leare elkoar kennen yn it kafé of de disko. Mar eartiids wiene der fan dy spesjale plakken dêr't jonges en famkes delrûnen as se in eagje op ien hiene. Fotosjoernaliste Gitte Brugman is op syk nei ditsoart plakken, en de ferhalen derby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)