Omnium fan 26 febrewaris

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Omnium:

Fan 'e middei wurdt bekend oft it aaisykjen trochgean mei. Dan wurdt de útspraak ferwachte yn de saak dy't Faunabescherming oanspand hat tsjin de provinsje. Se wolle de ûntheffing foar it ljipaaisykjen tsjinhâlde. Us stelling is: It wurdt no echt tiid om op te hâlden mei ljipaaisykjen. Aaisiker yn ieren en sinen Gjalt de Groot fertelt yn Omnium wêrom't foar him de lol der sa stadich oan ôf is.

Yn de rige diel twa fan ús kursus einekoerbreidzjen, mei Bertus Kuperus. Hy makket yn in winterskoft wol 80 einekuorren.

En, is dotterjen riskanter as in hertoperaasje? Neffens kardiolooch Sjoerd Hofma fan it MCL jildt dat lang net yn alle gefallen.

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)