Omnium fan 26 april

It is wer freed dus wy binne wer te gast op 'e freedsmerk.

Fierder is Lammert Landman te gast yn 'e studio. Hy docht ûndersyk nei it nijsoanbod yn de regio. Hoe komt it mei de regionale media yn 'e takomst?

Yllegaliteit wurdt strafber. Alteast, as it oan it kabinet leit. Sander Terphuis is tweintich jier lyn as flechtling út Iran nei Nederlân kaam. Hy is it perfoarst net iens mei dit foarstel. Hy fertelt der oer yn Omnium.

Yn de Rige hjoed de lêste troanopfolger, of eins troanopfolgers. Want by it leanbedriuw Westra út Frjentsjer nimme de twillingbroers de saak oer.

Dat en mear yn Omnium, tusken 11 en 12. Mei Wim Brons.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)