Omnium fan 25 jannewaris

  • Spiler wurdt laden

De iisgekte hâldt noch net op by Omnium. Dit is miskien it lêste wykein dat der noch riden wurde kin, dus binne wy benijd: wat fine jo de moaiste iisbaan fan Fryslân? Yn de Reade Tried meie de iisklups fan Wikel en Hijum alfêst fertelle wêrom't harren baan de allermoaiste is.

En in reportaazje oer teaterselskip Probe, dat 15 jier bestiet. Wy praten mei akteurs fan it earste oere.

Yn de rige: in caravan is fansels moai, mar der moat wol in goede auto foar. Hjoed hearre wy op de 'caravana' in man dy't by it útsykjen fan syn nije bolide foaral rekken hâldt mei wat er lûke kin.

Ek omtinken foar it Nederlânsk kampioenskip maratonreedriden by Elburg. Om 11 oere begjinne de froulju oan har wedstriid oer 70 kilometer.

Harkje dus nei Omnium, tusken 11 en 12.

Presintaasje: Dieuwke Kroese.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)