Omnium fan 24 septimber 2012

In koöperaasje, in organisaasjefoarm dy't dochs wat út de graasje rekke wie, groeit oan populariteit. In petear mei Janet Mooi fan 'De Ondernemers Coöperatie'.

Jierliks ferstjerre der mear froulju as manlju oan hert- en faatsykten. Tiisdei, moarn, is it Wereld Hartdag en yn it Antoniussikehûs is der op dizze dei in soad omtinken foar de spesifike klachten by froulju mei hertproblemen.

en we dûke dizze wike yn de sport shorttrack, mei rider Daan Breeuwsma en bûnscoach Jeroen Otter.

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)