Omnium fan 24 july 2012

De boskbrannen yn Catalonië wiene dramatisch, 4 deaden en 23 gewonden. En hopelik ha se it fjoer no ûnder kontrôle. Wat moat je dwaan as jo krekt yn dat gebiet op fakânsje wolle. Dêroer prate we mei Erik de Waard Reisburo Inter Noord yn Ljouwert. Aktuele ynformaasje oer de boskbrannen yn Catalunya en it grinsgebied Frankrijk-Spanje is te finen op de site fan de Katalaanske regering m.b.t. brânprevinsje (ek yn it Ingelsk).
http://www20.gencat.cat/portal/site/msi-dgac/menuitem.3df366a8777dd73484...

Hoannepoat (zevenblad), unkrûd? Net foar Mirjam Sterk fan Eastermar. Sy makket der sop fan. Sy skoffelt it túch yn har tún net fuort mar brûkt it yn de keuken. De kursus oer ytbere planten yn it wild fersoarget se altyd yn it foarjier foar de IVN ôfdieling de Wâlden. Mar op oanfraach kin ek. Mail foar ynformaasje nei frieswijk.nijhof.eastermar@hi.nl

Yn ús ferkiezing fan 'De Bêste boarterstún' hjoed mear oer de nominearde boarterstún yn Deinum,

Mona Smith hat nei de generale repetysje fan de iepening fan de Olympische Spelen west,

en we drinke tee yn Appelskea.

Presintaasje: Sippy Tigchelaar

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)