Omnium fan 24 jannewaris

Hjoed yn Omnium, in man dy't alles wit oer syn eigen stambeam.. en dy fan hûnderten oare ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen. Martinus Jongsma hat in grut diel fan syn libben yn argiven trochbrocht, op syk nei nijsgjirrige ynformaasje. Syn nijste produksje is in boek oer kriminaliteit yn Achtkarspelen.

En, in 'tweet' oer it wurk: ûnskuldich, of dochs net..? Lektor en social media-saakkundige Sjoerd de Vries fan de NHL fertelt yn de Reade Tried hoe't bedriuwen it bêste omgean kinne mei it twittergedrach fan harren meiwurkers.

De beurs 'caravana' hat dit jier minder besikers lutsen as ferline jier. De ekonomyske krisis en it minne waar soene de oarsaak wêze. Lykwols wiene der genôch minsken te finen mei in nijsgjirrich ferhaal foar de Rige.

Dat en mear hjoed yn Omnium. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)