Omnium fan 23 jannewaris

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Omnium: snie op 'e stoepe, wa moat dat opromje? Is dat in taak fan de gemeente, of binne wy der as boargers sels ferantwurdlik foar? In soad minsken ha yn elts gefal lêst fan de glysterige stoepen. Yn Aldeboarn binne se fan it motto: net lulle, mar poetse.

Fierder in koar fan Alzheimerpasjinten. De leden fan dit 'geheugenkoar' kinne troch de muzyk wer kontakt krije mei harren neisten.

En yn de rige: moai spul op de 'caravana'-beurs, mar it moat in pear sinten kostje. Is it in kwestje fan 'kijken, kijken, niet kopen'?

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)