Omnium fan 22 maart

Hjoed yn Omnium:

It lêste minútsje fan Nyk de Vries foar dizze wike...

En: in giele kaart? Fan 1 july ôf betsjut dat foar amateurfuotballers ek in tiidstraf fan 10 minuten. Is dit in goed idee? En moat it ek jilde foar it betelle fuotbal? Wy wolle jo miening witte! Yn Omnium prate wy mei klupskiedsrjochter Anne de Boer.

It is 'wereld-waterdag'. Yn de studio komt Judith Zuijderhoudt fan Vitens mei tips oer hoe't je wetter besparje kinne yn en om it hûs.

Fierder binne wy fansels wer op 'e freedsmerk om te praten oer it nijs fan de dei.

Harkje nei ús programma, tusken 11 en 12. Presintator is René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)