Omnium fan 22 jannewaris

  • Spiler wurdt laden

Tsjin alle warskôgings yn wol it iis op gean, en der trochhinne sakje? Dan moatte jo sels opdraaie foar de kosten fan de rêding. Dat wol foarsitter Jan Oostenbrug fan it Frysk IIsbûn. Yn de reade tried prate we hjiroer mei in echte iisgek: skûtsjeskipper en natoeriisfanaat Ane Tjerkstra.

Fierder in petear oer de 'spirituele neilittenskip'. In soad minsken wolle har eigen libbensferhaal op papier sette. Neffens auteur en filosoof Minne Buwalda hoecht dat net altiten in literêr topstik te wêzen. Yn it boek 'Het verhaal dat je nalaat' jout hy tips oer hoe't it ek kin.

Yn de rige in man dy't op alle dagen op fakânsje giet nei syn wurk.

Presintaasje: Roelof Lousma

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)