Omnium fan 22 febrewaris

Is Willem-Alexander klear om kening te wurden? Wêrom neame we syn frou eins 'keninginne'? Wat wurdt de nije rol fan Beatrix? Hjoed is Bearn Bilker te gast yn Omnium, om antwurd te jaan op ál jo fragen oer it keningshûs. Mail se dus nei rt@omropfryslan.nl.

Yn de Rige test Roelof Lousma syn fuotbalkwaliteiten. Is er in natuertalint, of docht syn soan it dochs better..?

En fansels binne wy wer op de freedsmerk om te praten oer it nijs fan de dei.

Harkje dus! Nei Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)