Omnium fan 21 juny 2013

Yn Hylpen sil in byldsje ûntbleate wurde ta neitins oan oarlochsheld Peter Tazelaar. Hy wie Ingelânfarder, en holp it Fryske ferset. Nei de oarloch kocht hy in hûs yn Hylpen. Yn Omnium in reportaazje oer dizze "Soldaat van Oranje".

Yn de rige prate we oer moaie en minder moaie arsjitektuer op Skylge.

En yn de Reade Tried giet it oer wat je al en net dwaan kinne ûnder in fergadering. Meie riedsleden twitterje of patience spylje as se riedsfergadering hawwe? Wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Dongeradiel reageart. Sels waard se in kear troch Ed Nijpels op de fingers tikke, om't se siet te sokbreidzjen yn de steateseal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)