Omnium fan 2013-07-26

Yn Omnium dizze simmer spesjale Simmer-Omniums. Alle dagen is der in oere lang ien simmer-gast mei wa't de aktualiteit trochnaam wurdt, fan wa't de favorite (simmer)plaat draaid wurdt en fan wa't ek oare aspekten nei foaren komme as dy't we al wisten.

Hjoed Cor Waringa. Hy studearre yn Amsterdam farmagemy en promovearre dêr ek op. Boppedat die er yn Kampen der ek noch mar in universitêre oplieding tsjerkeskiednis efteroan. Hy is no predikant, skriuwer en oersetter. En foarsitter fan de yntertsjerklike kommisje foar de Fryske earetsjinst. Boppedat is hy alle wiken te hearren by Omrop Fryslân dêr’t hy foar it programma Buro de Vries de rubryk 'Yn Memoriam" fersoarget.
http://nl.linkedin.com/pub/cor-waringa/5b/270/16a

Presentaasje René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)