Omnium fan 2013-01-17T11:00:00

  • Spiler wurdt laden

It Psychiatryske Sikehûs yn Frjentsjer spile yn de Twadde Wrâldkriich in bysûndere rol. De ynstelling moast njonken de eigen bewenners nochris hûnderten ekstra pasjinten út de rest fan Nederlân opfange. Ek waarden joadske ûnderdûkers opfongen. In gefaarlike saak, want de lieding fan de PZ bestie foar in part út NSB'ers. Omrop Fryslân sil in dokumintêre meitsje oer dizze perioade. Dêrby binne de makkers noch op syk nei minsken dy't dy tiid meimakke ha en deroer fertelle kinne. Bygelyks bewenners, ferpleechkundigen of Frjentsjerters.

Sûnder dat je't miskien witte komt ek yn jo hûs radioaktive strieling foar. Dat komt út de grûn en út it beton en de stiennen dêr't je hûs mei boud is. It RIVM is in ûndersyk start nei hoe skealik oft dy stoffen krekt binne. Guon saakkundigen sizze dat der as gefolch fan dy strieling hûnderten minsken yn 't jier ferstjerre. Yn Omnium in saakkundige.

Fierder in reportaazje oer in 'fannaat' fan âlde auto's.

Presintaasje: Rene Koster

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)