Omnium fan 2013-01-15T11:00:00

It plattelân rint leech, der is sprake fan krimp. Mar is dat wol echt sa. It docht bliken dat hieltyd mear jongeren ferhúzje nei de krimpgebieten op it plattelân. De huzeprizen dêr binne leech en it lânskip sprekt harren oan. Dat blykt út ûndersyk fan Rixt Bijker fan de Rijksuniversiteit Grins. Tongersdei promovearret sy op dat ûnderwerp. Yn Omnium fertelt se dêroer.

De Reade Tried giet oer de fraach hoe't jo omgean mei ûnfatsoenlik gedrach fan oaren. Doarre jo der wat fan te sizzen as minsken foardringe by de kasse of de hûn skite litte op strjitte, of net.

Fierders in petear mei in grutske besitter fan in klassike auto. It kabinet wol dat eigeners fan oldtimers wegebelesting betelje. Wêrom ride minsken in oldtimer en wat fine se fan de plannen. Dêr giet it oer.

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)