Omnium fan 2012-12-24T11:00:00

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma is moandei te gast yn Omnium. Presintator Gerrit Hofstra sjocht in oere lang mei Jorritsma werom op it ôfrûne jier en foarút nei 2013. Ferskate ûnderwerpen komme oan bar. Fan polityk en ekonomy oant persoanlike saken. Neffens Jorritsma hat de ekonomysje krisis syn djiptepunt noch net berikt en sil de Fryske ekonomy ek it kommende jier noch flinke klappen krije. Mar neffens Jorritsma binne der ek ljochtpunten en kânsen, sa as wettertechnology en de Dairy Campus. It wie ek in jier fol fûle politike debatten, bygelyks oar de grûnoankeapaffêre dy't hast resultearre yn in politike krisis en Thialf. Dêrnjonken wurdt stilstien by Jorritsma's leafde foar Frankryk en by wat him persoanlik it meast oangrepen hat dit jier; in besite oan it Afrikaanske lân Tsjaad as foarsitter fan UNICEF. Jorritsma seach dêr ferskriklike dingen...

De kommende 14 dagen is Omnium oanpast fanwege krysttiid en âld en nij. Alle dagen stiet dan ien promininte Fries sintraal.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)