Omnium fan 2012-12-20T11:00:00

  • Spiler wurdt laden

Moarn fergiet de wrâld, alteast dat is wat de Maya's tochten. De Maya-kalinder hâldt in protte minsken yn de besnijing. Wy seagen by it Eise Eisinga planetarium yn Frjentsjer, dêr't se der ek in protte fragen oer krije.

Enschede stiet op de kop fanwege it 'Glazen Huis'. We prate mei boargemaster Peter den Oudsten oer hoe't it giet mei dizze goeie doele aksje fan 3FM, en wat der allegear by komt te sjen... En wat smyt it Enschede allegear op. Nijsgjirrige fragen, omdat it glêzen hûs takom jier yn Ljouwert stean sil.

Fierder besykje we achter de oarsprong fan krysttradysjes te kommen. Want, wêr komt dochs de krystbeam wei?

Dat en mear yn Omnium tusken 11.00 en 12.00.

Presintaasje: Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)