Omnium fan 2012-11-29T11:00:00

  • Spiler wurdt laden

De Friesland Bank en de Rabobank wurkje oan in fúzje. Kantoaren wurde gearfoege en op guon plakken moat personiel fan beide banken meielkoar oparbeidzje. Hoe pakt dat út, is der sprake fan ferskillende bedriuwskultueren? Ferslachjouwer René Koster siket it út...

De Reade Tried giet oer it ôfskaffen fan it ferbod op godslastering. Is dat in goeie saak of in teken fan it 'moreel ferfal' fan de maatskippij?

Fierder diel fjouwer fan in rige oer bysûndere sjongfûgels.

En omtinken foar in glêzen hûs yn Dokkum...

Presintaasje; Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)