Omnium fan 2012-11-23T11:00:00

De alvestêdetocht fan 1963 smyt fyftich jier nei dato noch altyd genôch ferhalen op. Tongersdei ferskynde it boek 'Elfstedentocht 63' fan skriuwer Johannes Lolkama. Hjiryn ûnder oaren omtinken foar de riders dy't krekt bûten de tiidslimyt oer de streek kamen en dus gjin krúske krigen.

Fansels peile we op de freedsmerk de stemming oer in aktueel ûnderwerp.

Yn de Reade Tried giet it oer de fraach hoe earlik as je binne. Wat dogge jo as je op strjitte in beurs mei jild fine. We prate mei in meiwurker fan in kringloopwinkel De Poort op It Hearrenfean. Dêr waard dizze wike yn in doaze mei guod in slúfke mei mar leafst 1000 euro fûn.

Presintaasje: Dieuwke Kroese.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)