Omnium fan 2012-10-18T11:00:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Omnium omtinken foar it boeiende libbensferhaal fan Pieter Schuijt. Hy wie begjin tweintichste ieu sindeling yn Yndonezië en holp de pleatslike mienskip dêr mei it bouwen fan huzen en sikehzen. Ek wie er dokter. Nei dy tiid festiget hy him as húsdokter yn Gytsjerk. Oer syn libben is in boek skreaun dat tongersdei presintearre wurdt.

Moat de plysje makliker yn jo en myn kompjûter omstrune kinne om kriminele aktiviteiten op te spoaren. Deroer prate we mei lector cybercrime Wouter Stol fan de NHL. Neffens him rint de plysje achter en ha kriminelen frij spul. Mar giet dat net ten koste fan de privacy, is dan de fraach. Oanlieding binne de plannen fan minister Opstelten fan justysje dy't dizze wike yn it nijs wiene.

De rige giet oer bearen.

Presintaasje: Sippy Tichelaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)