Omnium fan 2012-08-29T11:00:00

De Paralympyske Spelen steane yn Londen op it punt fan begjinnen. En it spektakel liket dit jier in stik mear omtinken te krijen as oare jierren. Yn Omnium in petear mei sitfollybalster Maria Poiesz. Sy wie der yn 2004 yn Athene by.

Fierder omtinken foar it stedsplein fan Warkum
Jazz-les oer de histoarje fan de jazz yn oanrin nei City Jazz Ljouwert;
en de Fryske ynfalshoeke by de lanlike aktualiteit.

Dat en mear yn Omnium om 11 oere.
Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)