Omnium fan 2012-08-23T11:00:00

Fan't simmer binne wy yn Omnium alle dagen op besite by it Fryske Gea. Mei ien fan de meiwurkers sjogge we dan op de moaiste plakjes. Hjoed mei Henk de Vries yn de Biltpollen.

Fierder omtinken foar:

- it kite-surfen dat in Olympyske sport wurdt;

- it picknickplak oan de Swemmer by De Westereen;

- en de Fryske ynfalshoeke by in lanlike aktualiteit.

Kitesurfskoalle Antix Sports

Yn ús rige sjogge wy dizze wike nei ferskate Olympyske sporten. Wat kinne oanstoarmjende sporttalinten eins ferwachtsje, at se oan ien fan de sporten begjinne. Hjoed binne wy op besite by kitesurfskoalle Antix Sports. Dit jier wie der yn Londen noch gjin kitesurfen, mar de kâns is grut dat dat oer fjouwer jier yn Rio oars is. Wy hawwe in ôfspraak by de Iselmar mei ynstrukteur en fanatyk kitesurfer Klaas Einte Adema.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)