Omnium fan 2012-08-22T11:00:00

Mei de The Big Chris Barber Band stiet de legendaryske Britse trombonist en bandlieder Chris Barber noch sa'n 100 kear yn it jier op de planken. Fan nije wike ôf is ek de Garypster Bert Brandsma fêst lid fan de band. Brandsma spilet klarinet en tenoar-sax en is fannemoarn te gast yn Omnium.

Fierder

- binne wy yn Weidum by de traditioniele Froulju's PC;

- sykje we yn Drachten nei post-olympyske yntresse foar it hynste-riden;

- en sjogge we by it picknick plak fan de Appelskeaster Keale Dúnen.

Dat en mear yn Omnium om 11 oere.

Presintaasje René Koster.

Harkje nei de Radboudruiters út Drachten

De leden fan rútersportferiening De Radboudruiters fan Drachten hawwe mei in protte nocht en wille nei de Olympyske Spelen sjoen. Sy hoopje dat it sukses fan de Nederlânske dielnimmers oaren ynspirearje sil om ek it hynsteriden op te pakken. Wy prate mei Irma Leenman fan de feriening, en talint Kiara Eringa.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)