Omnium fan 2012-08-21T11:00:00

  • Spiler wurdt laden

Yn ús rike radioargyf sit in rige reportaazjes, wêryn it programma Buro de Vries ynzoomt op bysûndere stikjes natoer, yn behear fan it Fryske Gea. Dy litte we dizze wiken yn Omnium opnij hearre. Hjoed geane we nei de heide fan Allardseach.

Fierder omtinken foar:
- Swimklub DZCP fan Drachten en har Olympyske ambysjes
- it picknick-plak de Oerset by Wijns
- en ferplichte reanimaasjelessen op it MBO

Swimklub DZCP

De fakânsjes sitte der hast wer op, en de ferienings yn ús provinsje meitsje harren wer klear foar in nij seizoen. Guon fan dy ferienings hoopje noch wat meilifte te kinnen fan it sukses fan de Olympyske Spelen. Want it soe samar in protte nije sporters opsmite kinne. Mar wat kinne dy nije talinten no eins ferwachtsje hjir yn Fryslân? Hoe komme je bygelyks nei de top? Omnium gie by fiif Olympyske sportklubs del en socht it út. Hjoed binne wy by swimklub DZPC út Drachten en prate mei Jaap Steenbergen fan de klub.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)