Omnium fan 2012-08-20T11:00:00

Wat is it bêste picknickplak yn Fryslân? Dat is de fraach dy't dizze wike sintraal stiet yn Omnium. Fan moandei ôf kin der wer stimd wurde yn ús jierlikse ferkiezing 'De bêste', mei dizze wike omtinken foar plakken dêr't je moai picknicke kinne. Deskundige Martijn Broekman fan Landschapsbeheer Friesland sil ús byprate oer it hoe en wat fan picknickplakken. Stimme kin op :

Fierder sjogge wy dizze wike by fiif sporten dy't goed yn byld kaam binne by de Olympyske Spelen. Wat sil dat harren opsmite, en wat kinne eventuele nije talinten ferwachtsje as se oan ien fan de sporten begjinne wolle? Moandei binne wy op besite by sylklup Frisia yn Grou.

Rige Fryske Gea

Wy herhelje dizze fakânsjewiken moaie reportaazjes út ús argyf. Yn 2009 makken wy in rige mei meiwurkers fan it Fryske Gea. Wy fregen harren 'yn te zoomen' op in lyts stikje fan har gebiet. Hjoed nimt Germ van der Burg ús mei nei it Wikelslân.

Sylferiening Frisia fan Grou

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)