Omnium fan 2012-08-15T11:00:00

  • Spiler wurdt laden

De ferneamde keunstner Escher is hot. Sa luts in útstalling mei wurk fan him ferline jier yn Brazilië alle dagen tsientûzen besikers! Tongersdei wurdt der yn paleis Soestdijk in Escher-tentoanstelling iepene en ek dêr wurdt wer in soad folk ferwachte. Escher is berne yn Ljouwert, mar de stêd docht dêr kwalik wat mei. Yn Omnium in petear mei Escher-leafhawwer Piet van der Wal, dy't boppedat riedslid is yn Ljouwert.

Fierder binne wy wer op besite by it Fryske Gea en yn de winkel mei ferklaaiklean yn Sint Jabik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)