Omnium fan 2012-08-07T11:00:00

Ald-seeman Jacob van der Meer hat jierren fearn oer de wrâldseeën. Hy hat der in boek oer skreaun: 'Avonturen van een stuurman' en fertelt der oer yn Omnium.

De ynternasjonaal ferneamde filtkeunstneres Claudy Jongstra hat in eigen hiemtún dêr't ynheemske ferveplanten yn stean.
Se lit ús de tún sjen.

In trije meter hege stoel wurdt op syn Hylpers opskildere,

en we belje mei Victor Plomp yn Londen.

Presintaasje René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)