Omnium fan 2012-07-16T11:00:00

It is Simmer yn Fryslân - it waar soe miskien wat mear meihelpe kinne, mar it is dochs echt simmer. Ek dizze simmer giet Omrop Fryslân op syk nei "De bêste...".
Dizze wike binne we op syk nei it moaiste natoergebiet fan Fryslân. Wêr genietsje jo it measte fan de natoer yn ús provinsje? Is dat de Jan Durkspolder, om't je der safolle soarten fûgels sjen kinne? Of de bosken by Oranjewâld, dêrt it sa moai kuieret? Of is it dat stikje greide krekt bûten it doarp dêrt de hûn lekker los kin?
Us saakkundige yn dizze is Fokko Bosker, skriuwer fan ferskillende boekjes mei kuiertochten troch natoergebieden.

Yn de rige stappe we op de fyts en sliepe by "Vrienden van de fiets".

En we sjogge dizze wike yn bysûndere tunen yn Fryslân. Hjoed in ekologyske tún yn Peins, in grutte tún mei in spesjale muorre foar ynsekten.

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)