Omnium fan 2012-07-03T11:00:00

De ferkiezingskampanjes fan de politike partijen wurde hyltyd persoanliker. Yn de taspraken op de kongressen hawwe de listlûkers it oer de 'takomst fan har bern'. Yn televyzjespotsjes sjogge we Sybrand Van Hearsma Buma fan it CDA de itenstafel klearmeitsjen en Diederik Samsom dy't syn hûs en gesin sjen lit. Huub Wijfjes, mediahistoarikus RUG, jout syn miening oer dit nije fenomeen.

Stedshistoarikus Willem Haanstra fan Boalsert fertelt oer Pater Brugman en yn de rige Apen en Bearen, wêryn't twa ferslachjouwers sille besykje te oerlibjen yn de Fryske natoer, moatte ús ferslachjouwers earst op kursus.

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)