Omnium fan 20 maart

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Omnium:

Hoe fielt it om heechbegaafd te wêzen? Is it leuk, of is it ek wol ris dreech? Hennie Zwaagstra-Gatsonides hat yn har bernecoachpraktyk yn Akkrum spesjale groepen foar heechbegaafde bern. Se fertelt deroer yn de studio.

We hearre wer in ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries.

En: Erica Verdegaal, ekonome en finansjeel sjoernaliste, is te gast. Sy fertelt ús oft it better is om ús sinten op te sparjen, of dat we se dochs better útjaan kinne.

It is allegear te hearren yn Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)