Omnium fan 20 febrewaris

Hjoed yn Omnium:

Tydskrift De Moanne hat in nije webside: in 'breed en kreatyf poadium' foar bydragen oer keunst en kultuer yn Fryslân. Haadredakteur Ernst Bruinsma is te gast.

Yn de Rige hearre wy hoe't stazjêre Folkert Coehoorn moarns ier en betiid wekker wurdt mei it lûd fan de app 'Sleepcycle'.

En: Hoe komt it dochs dat wy mar sa'n bytsje froulju op 'e tillevyzje sjogge? Psychologe Irma van Steijn kin hjir as saakkundige én frou goed oer meiprate.

Dat, en mear yn Omnium. Harkje dus, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)