Omnium fan 2 septimber

  • Spiler wurdt laden

Yn Omnium stiet ek hjoed ien gast sintraal. Dit kear prate we in oere lang mei Basel Kurdi, yn Ljouwert better bekend as kapper Bas. 46 jier lyn seach hy it ljocht yn Damaskus yn Syrië. Syn doel wie om nei Australië te gean, mar hy bedarre by syn broer yn Nederlân. De leafde hâlde him hjir. We ha it fansels mei him oer de boargeroarloch yn syn bertelân. Syn âlden en in broer wenje noch yn Damaskus. Alle dagen praat hy mei se en heart hy de ferskriklike ferhalen oer de oarloch. Syn broer wenne tichtby it plak dêr't ferline wike de gifgasoanfal wie.

Yn de rige sjogge we foarút op it nije tillevyzjeseizoen. Foar hokker searje of real life soap moatte jo grif thúsbliuwe?

Hear it om 11 oere yn Omnium. Presintaasje Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)